(FERFOLG FAN DE NIJSPAGINA)
Grutmastertoernooi 2010 yn Frjentsjer
Op tongersdeitejûn 22 april en sneon 24 april sil yn Frjentsjer foar de twadde kear it sterke grutmastertoernooi spile wurde. Der binne wer 4 dielnimmers dy´t harren hjirfoar pleatst hawwe: Marten Walinga, Tjerk Wijbenga, Jelle Wiersma en Taeke Kooistra. Sy sille útmeitsje wa´t op it stuit werklik de sterkste spiler yn it Frysk spul is.
hjir alle ynformaasje oer it grutmastertoernooi>>
Marije Koooistra op'e nij de sterkste damster.
Lollum, 20 maart 2010.
Foar de tredde kear op rige is Marije Kooistra fan Wolsum frouljuskampioen wurden yn it damjen Frysk Spul.
Nei 5 oeren damjen wiene Alie Cnossen, Feikje de Jong en Marije Kooistra lyk einige. Feikje kaam yn de earste finalepartij tsjin Alie krekt te koart en ferlear. Dernei spile Marije tsjin Feikje, al ridlik gau kaam Marije in skiif foar mar makke yn it middenspul in grutte blunder, Feikje lykwols wie blykber damblyn wurden nei 5 oeren spyljen en seach net dat se trije skiven ynhelje koe. Sa bliuw Marije foar en wûn dit spul. Yn it lêste spul gie it lang lykop tusken Alie en Marije mar yn it lêst fan it spul kamen de bettere kwaliteiten fan Marije boppe en wûn se mei oertsjûging fan Alie. Om it fjirde plak moast ek noch in ekstra spul spile wurde: de suskes Hotske en Akke Renske Walinga wiene lyk einige en nei noch in oere spyljen wie it úteinlik Akke Renske dy't noch yn de priizen foel.
Damklub "De Rûge Wolf" fan Lollum-Waaksens hat no foar de fjirde kear dit frouljuskampioenskip organiseare. Yn de earste jierren kamen der noch wol damfroulju út it Hollânske Spul harren keunsten sjen litten sa as ûnder oare Ypie Poepjes. It die doe wol bliken dat it Frysk damjen net samar efkes spile wurde koe: sûnder jierren ûnderfining kamen se net folle fierder as de lêste plakken. It sil dan ek net tafalle om Frysk damjende froulju fan bûten it dambûn Frysk Spul yn de takommende jierren nei Lollum ta te krijen.
Pleatsingstoernoai Lollum: spannende wedstriden, ferrassende útslaggen
(08-01-10)
Op tiisdei 5 en tongersdei 7 jannewaris is yn doarpshûs De Nije Haven te Lollum in toernoai Frysk damjen holden. Winner waard Jelle Wiersma. Hy is dêrmei wis fan plak yn it Twadde Grutmastertoernoai, dat op 22 en 24 april yn Frjentsjer holden wurdt.
lês hjir it hiele ferslach>>
Rubryk FD
(28-10-09)
Hjir de rubryk fan Folkert dy´t op 4 desimber yn de krante stean sil.
Utslaggen
(20-10-09)
Hjir de útslaggen fan de partijen dy´t spile binne op 19 novimber:
Jouke Algra – Foeke Tiemensma: 1-0
Hylke Algra – Sjouke Schilstra: kamp
Marten Walinga – Arjen Bruinsma: 1-0
Earste rubryk FD
(25-10-09)
Folkert hat de earste rubryk oer it Frysk damjen yn it Frysk Deiblêd wer klear. Hy is hjir te lêzen.
Utslaggen seizoen 2009-2010
(25-10-09)
De earste twa spylrûndes ha yntusken west. Hjir de útslaggen oant no ta:
Liuwe - Sjouke: 1-0
Foeke - Hylke: 0-1
Sjouke - Jouke: 1-0
Tjalling - Tsjerk: 0-1
Hylke - Marten: 0-1
In wrâldspul komt werom nei syn berteplak
(12-06-09)
Lollumer damklub ûntdekt dat hjoeddeiske topsport yn Frjentsjer útfûn is
Elk ken it damjen. Hast alle bern leare it as spultsje. Foar guon wurdt in hobby - faken libbenslang. Dy't talint hat en trochsette kin, kin sels kieze foar it beoefenjen fan it damjen as profsport. It damjen hat mooglikheden sûnder ein, en hast alle dagen ferskine nije stúdzjes, analyzes, toernoaiferslaggen, folle net genôch. It heart, mei it skaken en it go-spul, by de trije grutte ynternasjonale tinksporten.
Mar wêr komt it damjen eins wei? It prinsipe fan in spul mei wite en swarte stientsjes, dy't skowe kinne en slaan, wurdt hast oeral op 'e wrâld fûn. Sa'n 500 jier lyn spilen de lju yn hiel Europa sa'nsoartich spul op in skaakboerd: 64 fjilden. Noch altiten wurdt dat spul, yn frijwat farianten, yn ûnderskate lannen beoefene. It hat lykwols noait de potinsje hân om ta ynternasjonale sport út te groeien.
Lês hjir it hiele ferhaal>>
Lollum - Jorwert: 9-2
(27-03-09)
Tongersdeitejûn krigen we damklub Jorwert op besite foar de jierlikse twakamp. Beide klubs koenen 11 dammers opstelle. De Rûge Wolf hie al flot de earste twa punten binnen troch oerwinningen fan ús jonge talinten Rindert Walinga en Harmen Westra. Jorwert kaam ek dêrnei net echt op gong, en ferlear de striid úteinlik mei 9-2. Toch waard der yn goeie stimming ôfskied naam, want it wie in gesellige damjûn.
Utslaggen:
Marten Walinga - Siebe Walinga 1-0
Jouke Algra - Willem Dijkstra 1-0
Tjerk Wijbenga - Rinse Schukken 1-0
Sjouke Schilstra - Harry Kaspers 0-1
Liuwe Westra - Siebren Dyk 1-0
Hylke Algra - Bonne Hylkema 1-0
Arjen Bruinsma - Ruerd Ringnalda 1-0
Harmen Westra - Fokke Looijenga 1-0
Herman Bakker - Mathieu van den Boogaard 0-1
Doede Bruinsma - Ale Kuindersma 1-0
Rindert Walinga - Hessel Dijkstra 1-0


Damrubryk Frysk Deiblêd
(25-03-09)
Hjir wer de nije damrubryk sa´t dy kommende freed yn it Frysk Deiblêd ferskynt. Mei tank oan Folkert Groenveld.
rubryk FD 27 maart>>
Marije Kooistra frouljuskampioen
(22-03-09)
Krekt as foarich jier hat Marije Kooistra yn Lollum it kampioenskip foar froulju wûn. Der diene 8 froulju mei, minder as de foargeande jierren. Marije sil ynkoarten Piter Wilkens op besite krije foar in privee-optreden, want dat wie de earste priis.

Lês hjir fierder foar it wedstriidferslach>>
It doek falt foar damklub Wurdum
(17-03-09)
Min nijs út Wurdum: de damklub Frysk Spul hâldt der nei sawat 82 jier mei op. Der wienen noch mar 13 leden, wêrfan net ien út it doarp sels kaam. Fierder kamen der ek gjin jonge leden mear by. Yn in fergadering justerjûn hat de leden dêrom besletten om der mar mei op te hâlden. It is begryplik, mar ek tige spitich no´t sa stik damhistoarje eindigt.
Hjir mear oer it ein fan damklub Wurdum>>
Diskusje oer de 7-setten regel
(17-03-09)
Wy krigen fan Bauke Dijkstra út de Tijnje in brief oer de 7-setten regel. Dêryn swingelt Bauke de diskusje oan oer dizze regel, oan de hân fan in foarbyld dat skynber net te winnen is yn 7 setten. At dat echt sa is (der stiet gjin analyse fan setten by) dan soe de regel feroare wurde moatte yn in 8-setten regel.
Lês hjir de brief fan Bauke>>
Marten Walinga fluchdamkampioen
(17-03-09)
Yn Hartwert hat Marten ôfrûne freedtejûn it fluchdamjen wûn, krekt as ferline jier. Nei 7 ronden einige hy gelyk mei Taeke Kooistra op it earst plak. Yn de beslissingspartij wie Marten de sterkste. Op it tredde plak eindige Stoffel Bouma .
Hjir de útslaggen:
Groep A. 1. Marten Walinga Waaksens. 2 Taeke Kooistra Hartwerd. 3 Stoffel Bouma Easterein. Groep B. 1 Liuwe Westra Lollum. 2 Sjoerd Taeke Kooistra Hartwerd. 3 Bauke Dijkstra Tijnje. Groep C. 1 Marcel Altena Blauwhuis. 2 Fokke Jan Kooistra Hartwerd. 3 Jan Nauta Beetgumermolen.
Utslaggen
(12-03-09)
It earste ljipaai is wer fûn en dan rint it damjen wer op in ein, mar it wie noch lekker drok op de klub. Dat komt fansels ek troch de spanning yn de kompetysje, want der binne noch ferskate spilers dy´t kampioen wurde kinne. Marten stie op kop mar liet in heal puntsje sjitte tsjin Sjouke. Jouke sloech in dûbelslach, want hy wûn fan Liuwe, en mei muoite ek de ôfbrutsen partij tsjin Hylke.
Lês hjir fierder>>
Nije rubryk FD
(12-03-09)
Yn it Frysk Deiblêd moarn wer in nije rubryk oer it Frysk Damjen. Mar hjir lêze kin ek:
rubryk 13 maart
Taeke Kooistra kampioen!
(01-03-09)
Taeke Kooistra út Hartwert is ôfrûne sneon foar de 12de kear kampioen Frysk damjen wurdjen, dêrmei komt hy op gelike hichte as Augstinus van der Goot dy´t ek al 12 kear earste waard. Stinus sit takom jier foar it earst yn 9 jier wer yn de kampioensklasse. Hy waard dit jier oertsjoegjend earste yn it twadde achttal. Yn de tredde acht pakte Klaas Wiersma de earste priis.
De striid om it kampioenskip bleau oan it ein ta spannend. Taeke wûn yn de 6e ronde fan Folkert Groenveld troch mei in kombinaasje in houtsje foar te kommen. Marten Walinga fersloech yn in moai en yngewikkeld einspul Jelle Wiersma. Yn de lêste ronde moast Marten winne tsjin Taeke om dield op it earste plak te eindigjen. Dat slagge lykwols net, Taeke kaam net yn gefaar, en it einspul waard remise. Taeke dus kampioen, en no´t Stinus ek wer yn de earste acht sit is der toch in aardige kâns dat it rekôrd fan 12 kampioenskippen takom jier ferbrutsen wurdt.
Lês hjir fierder foar alle útslaggen>>
Taeke Kooistra allinnich oan de lieding
(22-02-09)
Troch syn beide partijen te winnen yn de 4de en 5de ronde yn Jirnsum, hat Taeke Kooistra yn syn ientsje de lieding nommen yn it persoanlik kampioenskip. Hy wûn fan syn klubgenoaten Tjerk Wijbenga en Stoffel Bouma. Hy wurdt achterfolge troch trije oare kânshawwers, Marten Walinga, Folkert Groenveld en Jelle Wiersma, dy´t allegear in punt minder ha as Taeke.
Lês hjir fierder foar alle útslaggen>>
Trije man oan kop by persoanlike kampioenskippen
(14-02-2009)
Yn Hartwert is hjoed it persoanlik kampioenskip Frysk damjen wer úteinset, mei 24 spilers ferdield oer 3 klassen. Yn de heechste klasse geane trije spiler oan de lieding: Marten Walinga, Taeke Kooistra en Folkert Groenveld. Hjir inkele partijen fan hjoed.
Taeke wûn yn de earste ronde ûnder oaren fan Hein de Vries. It wie in yngewikkelde partij dêr´t Hein úteinlik yn twongen waard om in houtsje op te jaan. Taeke makke dêrnei it einspul degelik út, sa´t hjir te sjen is:
Hein tsjin Taeke
Yn de twadde ronde ferlear kampioen Jelle Wiersma fan Tjerk Wijbenga. Jelle seach in simpel slachje oer de holle. De partij kin hjir neispile wurde.
Jelle tsjin Tjerk
Yn it twadde achttal sette Augustinus van der Goot goed útein mei twa oerwinningen. Jouke Algra rûn yn in blyn slachje dat Van der Goot thús al betocht hie.
Jouke tsjin Stinus
In stik flugger en wat minder origineel gong it yn de partij tusken Willem Schaap en Klaas Wiersma. Klaas wie it safolste slachtoffer fan de Tytsma-set.
Willem tsjin Klaas
Lês hjir fierder foar alle útslaggen>>
>>KLIK HJIR FOAR ALDER NIJS
Rubryk Frysk Deiblêd
(27-01-09)
Kommende freed stiet der wer in stikje fan Folkert yn it Deiblêd, mei ûnder oaren fragmenten út partijen fan Gerrit Schilstra en problemen fan de hân fan Hiele Walinga. Kinst it hjir no al lêze:
rubryk Frysk Deiblêd 30 jannewaris
Utslaggen 23 jannewaris 2009
Jouke - Harmen 1-0
Sjouke - Hylke 0-1
Jouke - Liuwe 1-0
Arjen- Marten 0-1
Lês hjir fierder>>
Tongersdei gebak by de Rûge Wolf
(19-01-09)
Bêste dammers en damsters,
Nei it grutte súkses fan sneon moatte wy dêr tongersdei fansels al eefkes by stilstean! It bestjoer noeget jim graach allegear út foar in feestlike klubjûn no tongersdei foar kofje mei gebak. Wy hawwe it der dan noch eefkes oer, en kinne fêst ek de strategy foar takom' jier beprate.
Hertlike groetnis, en hooplik oant tongersdei,
Liuwe
Hjir inkele partijen út it kampioenskip
(klik op de link om se online te besjen)
Taeke Kooistra tsjin Augustinus van der Goot
Jelle Wiersma tsjin Taeke Kooistra
Pieter Hoogterp tsjin Stoffel Bouma
Folkert Groenveld tsjin H. Postma
Meike van der Meer tsjin Jouke Algra
Skearnegoutum kampioen, trije prizen foar de Rûge Wolf
(18-01-09)
Damklub de Stadige Strikers út Skearnegoutum soarge op de klubkampioenskippen yn Easterein foar in grutte ferrassing. Troch favoryt Hartwert yn in de tredde ronde te ferslaan mei 4.5-3.5 eindigen se op it earste plak yn de heechste klasse.

It winnende team fan Skearnegoutum 1
Foar de Rûge Wolf wie it ek in geweldich kampioenskip. It slagge om twa teams der hinne te krijen, en se wûnen beide yn harren klasse. It earste team wûn ek nochris it Hokwerda skild mei 21 boerdpunten út 24 partijen!

Sjouke grutsk by de prizen fan de Rûge Wolf
Lês hjir fierder>>
Nije rubryk Frysk Deiblêd
(12-01-09)
Folkert hat ús wer in nije damrubryk tastjoerd, mei ûnder oaren in analyse fan de partij fan Jelle Wiersma tsjin Lusoris. Freed stiet it de krante, mar no al op Fryskdamjen.nl...
rubryk FD
Oefenje by de Rûge Wolf
(07-01-09)
Bêste dammers en damsters,
Moarntejûn, 8 jannewaris, woene wy graach de twadde kear mei jim
oefenje foar de klubkampioenskippen.
De ôfrûne kear wie it al tige gesellich, al wiene in pear dammers
siik of behindere. Soene al dammers, dy't echt mei gjin mooglikheid
kinne moarn, my eefkes in berjochtsje jaan wolle? En alle oaren,
kinne dy asjeblúft wol komme?
Hertlike groetnis, en oant moarn,
Liuwe
Jelle Wiersma ferliest fan Lusoris
(30-12-08)
Op sneon 27 desimber spile ús kampioen Jelle Wiersma tsjin it Frysk damprogramma Lusoris yn it doarpshûs fan Skearnegoutum. Yn it middenspul romme Lusoris in protte houtsjes op mei in kombinaasje. It einspul like noch aardich lyk te wêzen, mar it wie toch ferlern foar Jelle.
Spylje hjir de partij online nei.
Damwedstriid yn Hartwert
(27-12-08)
Takom wike sneon 3 jannewaris is neffens tradysje yn Hartwert wer de earste wedstriid fan it jier. De iennichste wedstriid dêr´t noch mei oardel oere op de klok spile wurdt. Opjaan kin fia de mail by Klaas Abma of belje
0515-569747.
Lês hjir fierder >>
Iepen brief Bauke Diekstra
(27-12-08)
Fan Bauke Diekstra út de Tynje ha we folgjende mail krigen:
" Damvrienden,
Op Vrijdag 10-10-2008 was U aanwezig op de Bondsvergadering van de DFS gehouden in Hartwerd.
Op deze vergadering heeft het bestuur o.a. gereageerd op een door mij ingebracht voorstel voor een reglements wijziging .
Na de reactie was ik van mening dat de aanwezige leden niet voldoende waren geïnformeerd. Om deze reden heb ik het volledige voorstel en de gang van zaken, in de vorm van een open brief aan het bestuur, aangeboden aan de redactie van “”Oer Alles” .
Deze is echter niet tot plaatsing overgegaan.
De redactie heeft deze vrijheid.
Om U toch in dezen volledig te informeren heb ik de vrijheid genomen om U de betreffende brief (lees de bijlage) persoonlijk toe te zenden.
Vr. gr. Bauke Diekstra
Tijnje. "
klik hjir foar de iepen brief
Jelle tsjin de kompjûter
(27-12-08)
Op sneontemiddei 27 desimber damt kampioen Jelle Wiersma tsjin de kompjûter. Dat sil plak fine yn gebou Elim te Skearnegoutum en begjint om 2 oere. Eltsenien is tige wolkom.
Jeugddamjen yn Skearnegoutum
(22-12-08)
Sneon 20 desimber wie de foarronde foar it Jeugd- en Pupillekampioenskip yn Elim, Skearnegoutum. Sawol by de jeugd as by de pupillen wienen 9 dielnimmers.

Fan de Rûge Wolf dienen Harmen en Elizabeth Westra en Rindert Walinga mei by de pupillen.
Lês hjir fjierder>>
Nije rubriken FD
(22-12-08)
Folkert Groenveld hat us trije nije rubriken stjoerd dy´t yn it FD stien ha of noch deryn komme moatte. Se binne hjir yn elts gefal ek te sjen.
rubryk 3
rubryk 4
rubryk 5
Tjalibaba
(14-12-08)
Foar wa´t ris in potsje Frysk damje wol, mar gjin tsjinstanner by de hân hat, is der no de mooglikheid om op ynternet te damjen. Programmeur Danny Staal hat it damprogramma Tjalibaba makke, it stiet op de site fan jeugddamklub Het Noorden út Grins. It is noch in proeffersy, mar it wurket al goed. Elke kear at je winne giet it nivo in stapke omheech. It is te finen fia dizze link: http://jeugd.hetnoorden.org/onlinedammen/fries.html
Augustinus van der Goot wint yn Winsum
(13-12-08)

Fan de 22 dammer dy´t nei kafee de Trijesprong yn Winsum kamen, wie Augustinus van der Goot de sterkste. Nei 6 rondes mei 25 minuten per persoan op de klok (Switsersk systeem) eindige hy mei 5 punten op it dielde earste plak tegearre mei Tjerk Wijbenga. Dêrom moasten se nochris tsjin elkoar spylje, en krekt as earder op de dei wûn Stinus. Ek yn de haadklasse wiene ekstra partijen nedich om de winner te bepalen.
Lês hjir fierder>>
Op www.winsumfrl.nl steane noch hiel moaie foto´s fan it damjen yn de Trijesprong.
De Rûge Wolf mei 2 teams nei Easterein
( 12-12-08)
Oer goed in moanne is it al wer safier, de klubkampioenskippen yn Easterein. It bestjoer fan de Rûge Wolf hat de dammers goed achter de broek sitten, en hat it foarelkoar krigen om 2 achttalen byelkoar te krijen. Omdat net eltsenien regelmjitttich op de klub spilet, sil der op 18 desimber en 8 jannewaris spesjale oefenjûnen wêze.
Lês hjir fierder>>
Damwedstryd Frysk spul yn Winsum op 13 desimber 2008
Sneon 13 desimber oansteande wurdt der in wedstryd Frysk damjen organisearre yn kafee 'De Trijesprong' te Winsum. Dêrmei komt in stikje skiednis werom. Winsum hat lang in eigen damklub hân, en yn 'e jierren '70 en '80 wiene de skoalkampioenskippen yn 'e kantine fan Miedema ferneamd yn 'e hiele provinsje.
Lês hjir fierder>>
Kompetysje ronde 9
Marten bliuwt mar skoaren yn de ynterne kompetysje en bliuwt sa op kop. Herman wie der nei in lang ferbliuw yn it bûtenlân foar it earst ek wer. Hy joech Harmen goed partij mar koe it úteinlik net hâlde.
Lês hjir fierder>>
Hartwert wint mini-klubkampioenskip
Freedtejûn 28 novimber wie der yn Jorwert it jierlikse klubkampioenskip foar fjouwertallen. Foar it earst op de jûn, mei mar in kertier op de klok. In nije opset, dy´t der foar soarge dat der mear klubs meidiene. Der diene 9 teams mei, dy´t yn twa klassen damden. Hartwert 1 wûn de A-klassse, Aldegea W. de B-klasse.
De Rûge Wolf die it net ûnaardich mei in twadde plak yn de B-klasse. It team mei Jouke, Liuwe, Harmen en Herman ferlear earst fan Hartwert 1, spile remise tsjin Aldegea en Jorwert en wûn fan Hartwert 2.
Lês hjir fierder>>
Nije kompetysjeútslaggen en in farske rating
Der binne wer nije kompetysjeútslaggen op dizze site te finen, en de rating is ek ferfarske. Tjerk is syn kop-posysje kwytrekke yn de ratings oan Marten, neidat er op de klubjûn de ûnderlinge partij ferlear.
Lês hjir fierder>>
Marten wint ek yn Jorwert
Marten Walinga mei him it kommende jier iepen kampioen fan Littenseradiel neame. Yn de heechste klasse wûn hy al syn partijen, en bleau sa in punt foar op Germ Terpstra. In goeie seizoensstart foar Marten, dy´t ek yn Sanfurd alles wûn.
Lês hjir fierder>>
Suksessen by it jeugddamjen
By de jeugdwedstriid yn De Gaastmar ha de jonge Rûge Wolven it mar bêst dien. Twa kear in twadde plak en ien kear it earste plak.

It gong om de folgjende spilers:
Annemarije Walinga: 2e plak (oardel út trije)
Harmen Westra: 2e plak (2 ut 3)
Rindert Hiele Walinga: 1e plak (5 ut 5)
Nije damrubryk
Folkert Groenveld hat syn twadde damrubryk klear, dy stie al yn it Frysk Deiblêd. Wol wer mei in flater yn it diagram, it slagge it Deiblêd noch net om it goed te printsjen. Wa´t de krante mist hat kin it hjir allegear nochris neilêze.
De jeugd yn aksje.

Yn Lollum wie ôfrûne tiisdei foar it earst skoaldamjen. Liuwe Westra en Sjouke Schilstra joegen les oan 21 bêrn. Dat liket dus wol goed te kommen mei de takomst fan de Rûge Wolf. Hjir binne noch in pear foto´s te besjen.
Oanpassing wedstriidlist
It siet der al oan te kommen, mar no is it offisjeel: de persoanlike kampioenskippen binne in wike opskowd. Se begjinne no op sneon 14 febrewaris. De oanpaste wedstriidlist is hjir te besjen.
Frysk damjen all over the world.
Der is oer de hiele wrâld belangstelling foar it Frysk damjen. Dêr kaam ik achter toen ik ris beseach wêr´t de besikers fan dizze site allegear weikomme. De measten komme fansels út Fryslân, mar we ha sels besikers út Turkije, Kanada en Bolivia. Opmerkelik is ek in besiker út Spanje dy´t al mear as 12 oeren op fryskdamjen.nl trochbracht hat...
Klik op it kaartsje foar de details.

Damkursus no ek online
Foar wa´t noch net damme kin, of wa´t syn kennis ris byspikerje wol, stiet hjir no in damkursus op de site. It giet om de kursus foar begjinners dy´t skreaun is troch Tjalling Goedemoed yn opdracht fan it bûn. It is ek in ideale kursus om it damjen oan de bern te learen.
Lês hjir fierder>>
Damtoernooi op Ludoteka
Op de site www.ludoteka.com kinne je Frysk damje. No is dat gjin nijs, want dat is al hiel lang sa. Je kinne dêr fergees in oere deis damje (of oare spultsjes dwaan sa as skaken).

No is is sa dat je it krekt treffe moat om der oare Frysk dammers tsjin te kommen. Om dy kâns wat grutter te meitsjen sil ik besykje om fia dizze site sa no en dan in Ludoteka-toernooitsje te organisearen. Kommende woansdeitejûn 12 novimber foar it earst.
Lês hjir fierder>>
Partijen neispylje
Foar it earst kinne Frysk dampartijen ek neispile wurde op ynternet. Mei tank oan Wieger Wesselink, dy´t op myn fersyk syn software foar it Hollânsk spul oanpast hat foar it Frysk damjen. Dat makket it mooglik om hiele partijen of fragminten op dizze site te pleatsen, en yn de takomst mooglik ek live partijen fia ynternet te folgjen. Hjir de earste partij, út de kompetysje fan ôfrûne tongersdei: Marten tsjin Jouke.
Kompetysje ronde 6
De jeugd wie der net dizze jûn, dat it wie wat rêstiger as oars. Mar de hurde kern wie wol wer oanwêzich, en der kamen moaie partijen op it boerd. Arjen die it knap, hy soarge foar it earste puntferlies fan Sjouke dizze kompetysje, want it waard remise.
Lês hjir fierder>>
Folkert Groenveld yn it FD
De Frysk damrubryk yn it Frysk Deiblêd wurdt fan no ôf skreaun troch Folkert Groenveld. Hy nimt it oer fan Tjalling Goedemoed, dy´t der mei ophâlden is fanwege in rúzje mei it bûnsbestjoer. Folkert syn earste stik gong oer de fan´t simmer ferstoarne Hiele Walinga. Wa´t it FD net hat kin de rubryk hjir lêze.
Marten Walinga wint Sânfurd
In goeie prestaasje foar Marten by de easte wedstriid fan it seizoen. Yn Sânfurd wûn hy al syn partijen en bleau sa Teake Kooistra en Jelle Wiersma foar. Der wie ek yn noch sukses foar in oare Rûge Wolf. Yn de tredde klasse helle Herman Bakker de earste priis. Der dienen mar leafst 37 dammers mei. Alle útslaggen binne hjir te lêzen.
PK in wike letter
Sa´t it no liket wurde de persoanlike kampioenskippen in wike letter hâlden as wat op de wedstriidlist stiet. Dat is it foarstel fan it bûnsbestjoer. Dat dogge se omdat oars Marten de earste trije rondes net kin fanwege syn wurk. Yn earste ynstânsje woe it bestjoer Marten gewoan mei 3 x 0 punten begjinne litte. Omdat se it syn eigen skuld fûnen. Mar neffens de regels mei in spiler miste wedstriden ynhelje. Dat wol it bestjoer net, dus komme se mei it foarstel om alles in wike op te skowen. En foar takom jier wolle se de regels feroarje, sadat je net mear wedstriden ynhelje kinne.
Kompetysje ronde 5
Der waard mar serieus damt dizze jûn, it wie betiden echt stil. In moaie partij ûntstie der by Jouke tsjin Tjerk. Jouke kaam goed út de iepening, mar Tjerk ferdedige goed, en koe it oerlibje oan it einspul ta.
Lês hjir fierder>>
Wedstriidlist no online
De nije wedstriidlist stiet no op de site. Sa´t earder al fermeld is ús eigen wedstriid yn Winsum, omdat it doarpshûs yn Lollum net beskikber is. Ek oars is it kampioenskip fan Littenseradiel, dat is in iepen striid wurden, dus ek spilers fan bûten de gemeente kinne meidwaan.
Lês hjir fierder>>
De takomst?
Damje mei de computer derby. Yn it skaken dogge se it al, it hjit Advanced Chess, en der wurdt elk jier yn Maastricht in wedstriid fan hâlden (sjoch dit artikel fan de Volkskrant). By ús op de klub ha we de earste Advanced dammer al spotte kinnen. Liuwe hie neat yn te bringen tsjin it kombinearde geweld fan Walinga/Lusoris. Ek de laptop koe it net folhâlde, want de hurde skiif makke úteinlik beswier tsjin dizze posysje.

Nije rating
De ratinglist is ek wer bijwurke mei de kompetysjeútslaggen fan foarige wike. Der stiet by alle getallen noch in stjerke, dat betsjut dat dy persoan noch net genôch partijen spile hat foar in betroubere rating. Mar ik set se toch mar fêst op de site.
Lês hjir fierder>>
Kompetysje 3e ronde
It wie lekker drok op de klub, foar ús begrippen dan. Want Tjerk Wijbenga en Tjalling Goedemoed dienen foar it earst ek mei oan de kompetysje. In goeie saak, sokke sterke dammers derby. Se moesten fuortendaliks tsjinelkoar en it waard in spannende striid, dy´t lang lyk op gie.
Lês hjir fierder>>
Kompetysje 2e ronde
Foar Hylke Algra wie it syn earste potsje yn de kompetysje, en hy moest fuortendaliks tsjin syn broer Jouke. Wa´t no de sterkste wie witte we noch net, want de partij kaam net út. Dat hie alles te krijen mei foarsitter Walinga.
Lês hjir fierder>>
Dam-rating
Sûnt koart krije dammers in rating. In puntensysteem dat oanjout hoe sterk in spiler is. Dat wie it kadoo fan damklub De Rûge Wolf oan it jubilearende dambûn begjin dit jier. Jouke Algra en Marten Walinga ha harren kontakten yn de skaak -en damwrâld brûkt om it systeem op te setten.
Lês hjir fierder>>
Kompetysje 1e ronde
Op tongersdei 2 oktober is yn it doarpshûs fan Lollum de kompetysje wer útein setten. De jeugd die ek al fan him sprekken, want Rindert Walinga wûn syn earste partij.
<< KLIK HJIR OM WEROM TE GEAN GEAN NEI DE NIJSPAGINA