Alles oer it Frysk damjen en damklub De Rûge Wolf

 

Nijs De Rūge Wolf Kompetysje Rating Online damje Foto“s Wedstriidlist Utslaggen GM-toernooi klubkampioenskip Diagrammen Partijen Damkursus Kontakt

 

 

Skearnegoutum kampioen, trije prizen foar de Rûge Wolf

 

Damklub  de Stadige Strikers út Skearnegoutum soarge op de klubkampioenskippen yn Easterein foar in grutte ferrassing. Troch favoryt Hartwert yn in de tredde ronde te ferslaan mei 4.5-3.5 eindigen se op it earste plak yn de heechste klasse. Dat is foar it earst yn de histoarje fan de klub.

 

p1010190

 

Der dienen 18 teams mei oan it kampioenskip, dus 144 dammers. Blauhûs hie mar leafst 4 teams byelkoar witte te bringen, in hiele prestaasje. De Rûge Wolf út Lollum/Waaksens wie der mei twa teams, en beide hellen knap it earste plak yn harren klasse. Lollum 2 giet dus fan de 5de nei de 4de klasse, en Lollum 1 giet fan de 3de nei de 2de. Lollum 1 wist ek noch it Hokwerda skild te bemachtigjen, ûnder oaren troch twa kear mei 8-0 te winnen. Troch yn de tredde ronde grutte konkurrent Jorwert te ferslaan mei 5-3  hellen se úteinlik 21 boerdpunten út 24 partijen.

 

p1010157

 

tsjelken-en-skild

Hjir inkele partijen út it kampioenskip

 

Taeke Kooistra tsjin Augustinus van der Goot

Jelle Wiersma tsjin Taeke Kooistra

Pieter Hoogterp tsjin Stoffel Bouma

Folkert Groenveld tsjin H. Postma

Meike van der Meer tsjin Jouke Algra

Hjir alle útslaggen op in rygje

 

Groep 1

 

1. Skearnegoutum 1

2. Hartwert 1

3. Wurdum

4. De Gaastmar 1

 

Groep 2

 

1. Aldegea 1

2. Skearnegoutum 2

3. Blauhûs 1

4. Hartwert 2

 

p1010182

 

Groep 3

 

1. Lollum/Waaksens 1

2. Jorwert

3. Aldegea 2

4. De Gaastmar 2

 

p1010181

 

Groep 4

 

1. Blauhûs 2

2. Hartwert 3

3. Skearnegoutum 3

 

p1010177

 

Groep 5

 

1. Lollum/Waaksens 2

2. Blauhûs 3

3. Blauhûs 4

 

p1010175

Hjirûnder noch mear foto´s, klik op de lytse foto om de grutte te besjen: