Alles oer it Frysk damjen en damklub De Rûge Wolf |
|
|
Sneon 26 maart 2011, In moaie damdei!
Tsien pupillen, fjouwer jeugd, fiif froulju, ien persoanlik kampioen en ien kompjûter
Foar in protte is it damjen mei de persoanlike en de sneldamkampioenskippen ôfrûn, mar dat kloppet fansels net hielendal. De pupillen en de jeugd hiene noch in finale te damjen, dêrmei kombinearre wie der ek dit jier wer in frouljuskampioenskip, en de twakamp tusken de persoanlik kampioen 2010 (!) en Lusoris wie ek noch net holden. It wie dus eefkes sturtswyljen yn Lollum.
Pupillen
Fan ’e pupillen wiene 10 dammers trochgongen nei de finale, út in fjild fan earst 30. Moai dat de jongerein sa’n aardichheid oan damjen hat, en de kwaliteit is der ek! De 10 dielnimmers namen har punten fan ’e foaromlopen mei foarsafier behelle tsjin ien fan ’e oare finalisten, en it startfjild seach der dus sa út:
Anna Harma Walinga (1 punt) Brecht (0 punten) Fardau (2 punten) Fokke Walinga (4 punten) Hiele Johannes Walinga (2 punten) Jannie de Vries (3 punten) Jeljer Westra(3 punten) Lammert Stegenga(2 punten) Nynke (3 punten) Rindert Walinga(4 punten).
Der waarden seis omlopen damd, mar allinnich de lêste kear moasten alle dammerkes oan ’e bak; de earste fiif kear hiene hieltyd twa of sels fjouwer in steand nûmer.
Yn ’e earste omloop helle Rindert in punt tsjin Fardau en Jannie ien tsjin Lammert, Nynke wûn fan Hiele Johannes en Anna Harma fan Brecht. Yn ’e twadde omloop wûn Nynke fan Jeljer, Jannie fan Anna Harma, Hiele Johannes fan Lammert en Rindert fan Fokke. Dêrmei wie it fjild al aardich troch elkoar skodde. De froulju Jannie en Nynke rûnen aardich út op ’e rest. Jo kinne wol sjen dat famkes dan rêstiger binne as jonges, want benammen by de jonges gongen in protte punten ferlern troch te hurd striken. Guon hiene it dêr soms wol wat dreech mei (mar waarden prima opfongen troch jeugdkoördinator Jappie de Jong), en oaren moasten foar straf fan heit (as dy der wie) de rest fan ’e middei op ’e hannen sitte. (It holp wol, mar net genôch.) Mar der wiene ek moaie foarbyldsjes fan tûk trochtinken te sjen, lykas fan Rindert, dy’t earst in offer joech, doe in twangset spile, en dêrnei de winst pakte mei in kombinaasje!
Earst 16-11 (in skiifoffer) 6x17 en dan 21-16, 12-18(twangset) en Rindert makket it út troch 23-28 18x40 45x34!.
Yn ’e tredde omloop gong Rindert troch mei in oerwinning op syn nichtsje Anna Harma, Jeljer wûn fan Brecht, Fokke wûn fan Fardau en Nynke wûn fan Lammert. Yn ’e fjirde omloop wûn Jannie fan Fokke, Hiele Johannes fan Fardau, Rindert fan Brecht, en de achterneven Jeljer en Lammert makken der kamp fan - ien fan ’e twa kampspullen fan ’e hiele middei! Dêrmei rûn Rindert fierder út (hy hie no 8 punten), mar hy wie noch net fan syn froulike hjitfolgers ôf: Jannie en Nynke hiene no beide 7, mar ien punt ferskil. I bleau dus spannend! Fyfde omloop: Lammert wûn fan Anna Harma, Nynke fan Fardau en Jannie fan Brecht. En doe moasten se yn ’e sechsde omloop allegear oan ’e bak: Nynke wûn fan Brecht, Jannie fan Fardau, Hiele Johannes fan Anna Harma (Anna Harma striek sels in pear kear tebek, mar it mocht net helpe) en Fokke fan Jeljer. Dêrmei wiene Jannie en Nynke yn prinsipe gelyk mei Rindert, en dy moast dus kamp spylje of winne fan Lammert om kampioen te wurden. Der tysken dus mear minsken om Rindert en Lammert hinne as gewoanwei, en elk hold de siken yn doe’t Lammert, noch yn ’e iepening, in grouwe wolf helle yn ’e lange hoeke! Omdat der noch in protte hout op it boerd stie, koe de wolf sa gau net fuort, en letter slagge it Rindert om de wolf te fangen en hy wûn úteinlings de partij, mar wat wie it in striid! Sels fûn Rindert it net slim dat Lammert in daam helle, hy sei dat hy dat wol tastie want Lammert koe der neat mei en it kostte him in skiif, as er dan letter de daam werom hele soe der dochs ien foar stean. Dêrom hulde oan Rindert Walinga as de pupillekampioen 2011, mar net minder oan Nynke en Jannie (2 en 3), en alle oare dammers dy’t der meiinoar in prachtmiddei fan makke hawwe!
Jeugd
Spitigernôch is it in toer om dy jonge bern fêst te hâlden foar it damjen as se wat grutter wurde, dat by de jeugd wiene der mar fjouwer dammers, en dat wie ek it oantal dat oan it kampioenskip begûn wie de ôfrûne winter. Se moasten dus allegear in twadde partij tsjin de oare trije. Yn ’e earste partij joech Harmen, dy’t op kop de finale yn gien wie, foar de aardichheid twa houtsjes wei tsjin Ate. It foardiel wie wol, dat Harmen doe wekker wie, en mei fûleindich rekkenjen en in bytsje gelok slagge it him dochs noch om de partij te winnen. Underwilens wûn Hielke syn partij fan Jurjen. Yn ’e twadde omloop wûn Harmen fan Jurjen, en Hielke fan Ate. De tredde partij soe it der dus om gean, want Hielke hie mar ien puntsje minder as Harmen, en se moasten tsjin elkoar. Dêrby ferlear Ate fan Jurjen. Tige spitich, de partij wie ek spannend en dizze jonges komme der beslist wol, mar se wiene no nûmer 3 en 4. Wilens hiene Hielke (wyt) en Harmen harren fêst biten yn ’e Tolsma-iepening, en dêr kaam Hielke dúdlik wat better út. Healwei de partij kaam der noch al in grutte kans foar Harmen, hy koe in daam helje mar seach it net, jimme wol?
Yn it fierdere ferrin spinpoate Harmen noch, mar moast úteinlings belies jaan. Dêrmei wiene de beide matsjedoaren like heech einige, dat der moast noch in partij spile wurde om it masterskip. Harmen lotte no wyt, en Hielke swart. Der kaam in moai kantspul op it boerd dêr’t net folle fan te sizzen wie. It lêste part fan ’e partij is aardich genôch om hjir eefkes ôf te printsjen.
swart 1, 4, 5, 6, 15, 18, 24, 25 wyt: 16, 21, 26, 35, 44, 45, 49, 50
16-11 6x17, 21x23 24x22, 44-40 25-30 in moai skiifoffer! 35x24 22-28, 49-43 28-32, 26-21 1-7, 43-38 Harmen wol de trochbrutsen skiif werom helje 32x43, 24-20 15x24, 40-34 24x44, 50x48 5-10, 48-42 10-14, 45-40 4-9, 42-37 9-13, 37-31 13-18, 40-34 14-20, 31-27 20-25, 21-26 18-23 (as Hylke hjir 7-12 spile hie koe Harmen ek winne, mar dan moast it wol beslist fia:34-29 25-30 29-24 30x19 16-11 19-24 11x22 en ek dat hie noch net maklik wurden… 27-22! 23x21 De skiif wer as noch wat tempo yn siet wurdt der ôfrulle 16x27 7-12, 27-21 12-18, 21-16 18-22, 16-11 22-27, 11-7 27-32, 7-1 32-28, 34-30 en wint.
Dêrmei wie dit jier de preemje foar Hielke Walinga, en de priis foar Harmen Westra, dy’t sadwaande ek nochris tsjin it sin op ’e foto moast.
Froulju.
De Lollumer dammers hiene no al wer twa earste prizen ynhelle, en eins hiene se noch wol sin oan in tredden, krekt as mei it sneldamjen yn Aldegea. En der wie noch in priis te beheljen, want de froulju, al wiene se mar mei har fiven, damden sa fûl as foarken.
Nei fjouwer omlopen wie al dúdlik dat Feikje de Jong út Waaksens en Hennie de Haan út Snits de grutte kânshawster wiene, elts alles noch wûn en no moasten hja noch tsjin elkoar om priis en preemje. De partij gie min ofte mear lykop, mar op in gegeven stuit brocht Feikje in offer dat har in folle bettere stelling joech, en it houtsje dat se jûn hie koe se nei ferrin fan tiid wol wer opfandelje. Sa kaam it ek, en noch wat letter moast har tsjinstanner Hennie sels noch in houtsje derefteroan jaan. Doe stie it fjouwer tsjin trije houtsjes, en men koe in spjelde fallen hearre yn doarpshûs De Nije Haven. De konsintraasje wie sa yntins, dat - helaas - Feikje fergeat dat der ek noch in klok neist har stie te tikjen (digitaal, dat se hearde him ek net), en doe wie it ynienen: tiid om, partij út! In griis fan it spul, spitich foar Feikje en al har fans út Lollum en Waaksens, mar Hennie wie dêrmei terjochte de winner fan it frouljuskampioenskip 2011!
De einstân wie: 1) Hennie de Haan 4pt. 2) Feikje de Jong 3pt. 3) Akke Rinske Walinga 2pt. 4) Hotske Walinga 1pt. 5) Tineke Teigeler 0pt.
Foar de earste trije wie der in fraai halssieraad fan sulver en pearels, stipe troch Chavanza.nl Dat froulju, om de prizen hoege jim it noch altyd net te litten, en wy ferwachtsje jim takom’ jier manmachtich (dat wol sizze, like machtich damjend as de manlju) yn Lollum!
Taeke - Lusoris En doe siet earne yn in hoekje noch ien man te damjen tsjin de kompjûter: Teake Kooistra. Hy hie gelokkich gauris eefkes oanrin, mar syn tsjinstanner sei neat en hoegde gjin kofje, en dan damt it dochs oars. Mar Teake liet him dêr troch net út ’e konsintraasje wei bringe, trape net yn ’e setsjes dy’t it rekkenmeunster der allegear yn breide, en ta freugde fan al syn minsklike supporters slagge it him, om der in kamp fan te meitsjen: de twadde puntedieling fan de middei, en sa’t Teake sei: Bêst genôch!
Dêrmei wie der in ein kommen oan in gesellige en tige slagge dammersmiddei.
*********************************************************
|
| SPORT | woensdag, 16 maart 2011 |
Tiemensma wil ook de top halen in het dammen Fries spel
Franeker - Foeke Tiemensma verraste vrijdag vriend en vijand door het persoonlijk kampioenschap sneldammen Fries spel op zijn naam te schrijven. De 41-jarige dammer uit Franeker is pas twee jaar serieus bezig met het beoefenen van deze variant, maar versloeg tijdens het toernooi drie toppers. ,,Ik had het zelf niet verwacht en dichtte mezelf weinig kansen toe. Maar ik heb de laatste twee jaar veel geleerd en het gaat hard. Het zat me eerlijk gezegd wel mee hoor.”
Johan Vellinga
Tiemensma was vooral bekend van het ‘gewone’ dammen. De Fries speelde deze variant 28 jaar lang en was actief op het hoogste niveau voor De Oldehove en Damcombinatie Fryslân. In 1996 was hij Fries kampioen. Verrassend was dan ook zijn keuze om te stoppen en zich helemaal te richten op het Friese spel. Na de degradatie van DC Fryslân in 2010 hield hij het voor gezien. ,,Vooral de reizen naar Sittard en Den Bosch voor een partijtje stonden me tegen. Op een lager niveau dammen wil ik ook niet.”
Tiemensma kwam jaren terug al in aanraking met het dammen ‘oer alles’ via de rubriek op de denksportpagina in het Friesch Dagblad. Hij loste wel eens een probleem op. ,,Dat lukte meestal wel.” In 2004 vroeg de inmiddels ook in het Friese spel bedreven geraakte dammer Tjalling Goedemoed hem om mee te doen aan een toernooi. Toen hij in 2009 bij het prestigieuze Grutmaster-toernooi in Franeker ging kijken, raakte hij in gesprek met Marten Walinga en besloot hij lid te worden van diens vereniging de Rûge Wolf uit Lollum.
Spijt van zijn beslissing heeft hij nog niet gehad. ,,Misschien komt dat nog. Maar ik was toe aan een nieuwe uitdaging. Dit is niet iets heel anders, maar ik leer wel een nieuwe spelvorm. Mijn doel is om hierin zover mogelijk te komen. Ik wil naar de ‘earste acht’.” Die eerste acht is de eredivisie voor dammers in het Friese spel. Tiemensma promoveerde dit jaar bij zijn eerste persoonlijke kampioenschappen uit de kelder van het Friese dammen naar de ‘tredde acht’. ,,Ik wil een keer doorstoten naar de earste acht.”
Zijn ambitie sprak hij uit bij de prijsuitreiking in Gaastmeer. ,,Daar werd er hartelijk om gelachen. Ik dacht: we zullen wel eens zien. Vorig jaar wilde ik nog niet meedoen aan de kampioenschappen, maar intussen speel ik elke donderdag op de club en zoveel mogelijk toernooien. Daar hoef je niet te beginnen in lagere groepen. Het liefst tegen mannen als Taeke Kooistra en Folkert Groenveld. Die partijen verlies je geheid, ze spelen de nieuwste opening. Maar het is een goede leerschool. Van alles winnen leer je niets.”
Tiemensma is met open armen ontvangen in de kleine wereld van het dammen Fries spel. ,,Ze gunnen me deze titel ook. Ze vinden het fantastisch, een nieuw gezicht als Fries kampioen.” En zelf geniet de dammer ook. ,,Het is nieuw en anders. Ik ontdek elke partij nog nieuwe dingen. Het gewone dammen is meer positioneel en de remisekans is veel groter. Bovendien zijn alle wedstrijden in Friesland. Ik kom nu in plekjes zoals Gaastmeer en Sânfurd. Prachtig, al ben ik heel blij met mijn navigatiesysteem.”
Als toetje mag Tiemensma nu zelf in april meedoen aan het Grutmaster-toernooi in Franeker meedoen. Dan speelt hij tegen Fries kampioen Taeke Kooistra en de nummer twee Marten Walinga. ,,Tot nu toe heb ik de normale partijen tegen spelers uit de eerste acht kansloos verloren. Dus ik denk niet dat ik nu kans maak. Het toernooi komt wat te vroeg. Over twee jaar hoop ik wel kans te maken om Kooistra van de troon te stoten. Dat is het doel.”
![]() |
| diagram11 |
| De partij fan Hylke Algra tsjin Bonne Hylkema. Hylke fūn hjir in moai winnend slachje. Wat is de set? |