Alles oer it Frysk damjen en damklub De Rûge Wolf |
|
|
Pleatsingstoernoai Lollum: spannende wedstriden, ferrassende útslaggen
Op tiisdei 5 en tongersdei 7 jannewaris is yn doarpshûs De Nije Haven te Lollum in toernoai Frysk damjen holden. De winner fan it toernoai is wis fan plak yn it Twadde Grutmastertoernoai, dat op 22 en 24 april yn Frjentsjer holden wurdt. Der hiene har dan ek benammen haad- en eareklassers opjûn. De dielnimmers damden 6 omlopen Switsersk systeem, ferdield oer twa jûnen. De dielnimmers, neffens sterkte yn fjouwer groepen yndield, wiene: grutmasterklasse: Marten Walinga Tsjerk Wijbenga Augustinus van der Goot Jelle Wiersma eareklasse: Cor Kooistra Germ Terpstra Jouke Algra Klaas Wiersma haadklasse (1e gr.) Dicky van der Meer Foeke Tiemensma Gerrit Schilstra Liuwe Westra haadklasse (2e gr.) Klaas-Sjoerd Koopmans Hylke Algra Sjouke Schilstra Bauke Dykstra Fan 'e earste omloop ôf wie it spannend, al wiene der noch net folle ferrassende útslaggen by. (Allinnich de remize fan Marten Walinge tsjin Liuwe Westra wie in kedootsje.)
Augustinus van der Goot – Gerrit Schilstra kamp Klaas Wiersma – Tsjerk Wijbenga 0 – 1 Jelle Wiersma – Foeke Tiemensma 1 – 0 Liuwe Westra – Marten Walinga kamp Jouke Algra – Sjouke Schilstra kamp Hylke Algra – Germ Terpstra 0 – 1 Cor Kooistra – Bauke Dykstra 1 – 0 Klaas-Sjoerd Koopmans – Dicky vd Meer 0 – 1
Ek de twadde omloop joech noch net folle ferrassings. De sfear waard al wat gremitiger: kamp waard der net mear makke! Tsjerk Wijbenga – Cor Kooistra 1 – 0 Germ Terpstra – Jelle Wiersma 0 – 1 Dicky van der Meer – Aug. van der Goot 0 – 1 Marten Walinga – Jouke Algra 1 – 0 Gerrit Schilstra – Liuwe Westra 0 – 1 Sjouke Schilstra – Klaas Wiersma 1 – 0 Foeke Tiemensma – Klaas-Sj. Koopmans 1 – 0 Bauke Dykstra – Hylke Algra 1 – 0
Yn 'e tredde omloop helle Jelle Wiersma as earste syn tredde punt. Stinus van der Goot wie foar de tredde kear as earste út: hy kaam net goed út 'e iepening, en reage de houtsjes troch elkoar. Bauke Dykstra behelle in fraaie oerwinning op Jouke Algra, en Klaas-Sjoerd Koopmans wist te winnen fan Klaas Wiersma.
Jelle Wiersma – Tsjerk Wijbenga 1 – 0 Augustinus van der Goot – Marten Walinga 0 – 1 Liuwe Westra – Sjouke Schilstra 1 – 0 Dicky van der Meer – Germ Terpstra 0 – 1 Cor Kooistra – Foeke Tiemensma 1 – 0 Jouke Algra – Bauke Dykstra 0 – 1 Hylke Algra – Gerrit Schilstra 0 – 1 Klaas Wiersma – Klaas-Sjoerd Koopmans 0 – 1
De twadde toernoaidei begûn mei in teloarstelling: yn 'e Súdwesthoeke miste it sa slim, dat it foar Nel en Augustinus van der Goot net ferantwurde wie om de reis te meitsjen. Se hiene it al besocht, mar moasten op healwei belies jaan en ôfmelde. Dêrtroch wiene der trije dammers dy't no in punt kedo krigen. Dy woe elk wol hawwe, fansels, mar elk hie der ek leaver om damd!
Yn 'e fjirde omloop fergrutte Jelle Wiersma syn foarsprong troch te winnen fan Marten Walinga, en waard kânshawwer Tsjerk Wijbenga ferslein troch Gerrit Schilstra. De winner fan it toernoai begûn him ôf te tekenjen!
Marten Walinga – Jelle Wiersma 0 – 1 Bauke Dykstra – Liuwe Westra 1 – 0 Germ Terpstra – Cor Kooistra kamp Tsjerk Wijbenga – Gerrit Schilstra 0 – 1 Sjouke Schilstra – Augustinus vd Goot 1 – 0 Foeke Tiemensma – Dicky van der Meer 0 – 1 Klaas-Sjoerd Koopmans – Jouke Algra 0 – 1 Hylke Algra – Klaas Wiersma 0 – 1
Yn 'e fyfde omloop waarden de posysjes, sa't it like, tichttimmere. Jelle Wiersma – Bauke Dykstra 1 – 0 Gerrit Schilstra – Marten Walinga 0 – 1 Liuwe Westra – Germ Terpstra 0 – 1 Cor Kooistra – Sjouke Schilstra 1 – 0 Dicky van der Meer – Tsjerk Wijbenga 0 – 1 Augustinus vd Goot – Jouke Algra 0 – 1 Klaas Wiersma – Foeke Tiemensma 0 – 1 Klaas-Sjoerd Koopmans – Hylke Algra 1 – 0
Yn 'e sechsde omloop makke Jelle syn earekrânse fol, mar wie der ek noch in ferrassing: Bauke Dykstra wist Tsjerk Wijbenga hielendal fêst te setten, en sa in hiel moai puntsje yn te heljen! Cor Kooistra – Jelle Wiersma 0 – 1 Marten Walinga – Germ Terpstra 1 – 0 Tsjerk Wijbenga – Bauke Dykstra 0 – 1 Jouke Algra – Liuwe Westra 0 – 1 Sjouke Schilstra – Gerrit Schilstra 0 – 1 Augustinus vd Goot – Klaas-Sj. Koopmans 0 – 1 Klaas Wiersma – Dicky van der Meer 0 – 1 Foeke Tiemensma – Hylke Algra 1 – 0
Sa waard Jelle Wiersma mear as terjochte winner fan it toernoai, en is hy de earste dy't wis is fan plak yn it kommende Grutmastertoernoai te Frjentsjer. Mar net lytser wie de prestaasje fan Bauke Dykstra, dy't út 'e ûnderste groep wei (meskien wie der wat te leech pleatst?) it tredde plak fan it hiele fjild opeaske!
Alles mei alles in prachtige dammerij mei in moai tal dielnimmers dat goed oan elkoar weage wie, hielendal yn dizze 40-menute-wedstriden. De twaddeklassers, dy't dizze jûnen net damje koene, wurdt noch in kear in wedstryd foar organisearre om om it Rûge Boerd te damjen. Ek dat wurdt grif wer spektakel!
Jelle Wiersma (6 punten) hat him pleatst foar it Grutmastertoernoai, en foar Marten Walinga (4½ punt) jildt itselde as Jelle kampioen of twadde wurdt by de persoanlike kampioenskippen, of as Jelle sneldamkampioen wurdt, of as de sneldamkampioen ek kampioen of twadde is fan 'e persoanlike kampioenskippen. Mocht it sa útkomme, dat by de kampioen en de nûmer twa fan 'e persoanlike kampioenskippen èn Jelle Wiersma èn de sneldamkampioen te finen binne, dan hat Bauke Dykstra ek in plakje. En mocht it sa komme dat Bauke Dykstra, Marten Walinga en Jelle Wiersma mei har trijen de earste twa plakken yn 'e persoanlike kampioenskippen en it sneldamkampioenskip ferpartsje, dan binne der noch fjouwer kandidaten mei elk 3½ punt, dy't in ûnderling toernoai damje moatte om meidwaan te kinnen oan it Grutmastertoernoai. Wa wit hat it nije damjier noch in pear hiele aardige ferrassings foar ús in petto!
Hjirby noch de einútslach, mei de prizen per groep:
2 Marten Walinga 4½ punt preemje grutmasterklasse 3 Bauke Dykstra 4 punten priis haadklasse 2e groep 4 Germ Terpstra 3½ punt priis eareklasse 5 Cor Kooistra 3½ punt preemje eareklasse 6 Liuwe Westra 3½ punt priis haadklasse 1e groep 7 Gerrit Schilstra 3½ punt preemje haadklasse 1e groep 8 Tsjerk Wijbenga 3 punten preemje grutmasterklasse 9 Foeke Tiemensma 3 punten 10 Dicky van der Meer 3 punten 11 Klaas-Sjoerd Koopmans 3 punten preemje haadklasse 2e groep 12 Jouke Algra 2½ punt 13 Sjouke Schilstra 2½ punt 14 Augustinus van der Goot 1½ punt 15 Klaas Wiersma 1 punt 16 Hylke Algra 0 punten
Marije Kooistra frouljuskampioen Afgelopen zaterdag 21 maart 2009 heeft schooljuffrouw Marije Kooistra uit Wolsum haar titel Fries dammen met succes verdedigd. De dames waren dit jaar erg aan elkaar gewaagd en met wat vallen en opstaan bereikte Marije de kruisfinales. Ondermeer Gepke Koopman verloor jammerlijk van Marije Kooistra in een winnende stand toen Marije haar door de tijdslimiet dreef. Hennie de Haan uit dezelfde poule deed ook goede zaken en wist samen met Marije de kwart finales te halen. In poule 2 kwam nieuwkomer Alie Cnossen net iets tekort om zich voor de kwart finales te plaatsen. Feikje de Jong en Josette Kalteren waren net te sterk voor haar. In de eerste halve finale tussen Josette Kalteren en Hennie de Haan was Hennie duidelijk de sterkste en wist het eindspel keurig in haar voordeel af te ronden en plaatste zich hiermee voor de finale. Tegelijkertijd speelde Feikje de Jong een erg sterke partij tegen Marije Kooistra en het leek er lang op dat ze het voordeel naar zich toe zou kunnen trekken. In een moeilijk eindspel nam ze echter één verkeerde beslissing en moest ze met een schijf achterstand nog in een uiterste poging een doorbraak proberen te forceren wat echter niet lukte. In de finale tussen Marije Kooistra en Hennie de Haan kreeg Marije al vroeg een klein voordeel en bouwde dit verder prima uit. Overtuigend speelde Marije naar de winst en wist haar 2e titel op haar naam te schrijven en hiermee de felbegeerde hoofdprijs, een privéoptreden van Piter Wilkens, binnen te slepen.
***************************************************
Persoanlik kampioenskip ronde 6 en 7
Kampioensklasse.
6e ronde : Marten Walinga - Jelle Wiersma 1 - 0; Folkert Groenveld - Taeke Kooistra 0 – 1; Stoffel Bouma - Cor Kooistra 1 – 0; Hein de Vries - Tjerk Wijbinga 0 1.
7e ronde : Wiersma - Groenveld 1 – 0; T. Kooistra - Walinga ½ - ½; Wijbinga - Bouma 1 – 0; C. Kooistra - De Vries 0 - 1
Einstân: 1 T. Kooistra Hartwert 6; 2 M. Walinga Lollum 5; 3 J. Wiersma Wommels 4½; 4 F. Groenveld Jutryp 3½; 5 T. Wijbinga Arum 3; 6 S. Bouma Easterein 2½; 7 C. Kooistra Nijlân 2; 8 H. de Vries Drachten 1½.
Haadkl. AA.
6e rond : Sjoerd Couperus - Jouke Algra 0 - 1; Gerrit Schilstra - Sjoerd Jan Bakker 0 – 1; Fedde Wiersma - Augustinus van der Goot 0 – 1.
7e ronde: Algra - Schilstra 1 – 0; Bakker - Couperus 0 – 1; Germ Terpstra - Wiersma 1 – 0.
Einstân: 1 A. Van der Goot Balk 5; 2 S. J. Bakker Snits 3½; 3 G. Terpstra Easterein 3; 4 J. Algra Itens 3; 5 S. Couperus Snits 3; 6 F. Wiersma Easterein 2½; 7 G. Schilstra Boalsert 1.
Reserve haadkl AA.
6e ronde: Bauke Dijkstra - Willem Schaap ½ - ½; Kees Tijssen - Dicky van der Meer ½ - ½; Liuwe Westra - Willem Hoekstra 0 – 1; Ype Boelens - Klaas Wiersma 0 – 1.
7e ronde: Tijssen - Schaap ½ - ½; Van der Meer - Dijkstra 0 – 1; Wiersma - Westra 1 – 0; Hoekstra - Boelens 1 – 0.
Einstân: 1 K. Wiersma, Nij Beets 5; 2 W. Schaap Dearsum en K. Tijssen Reduzum 4; 4 W. Hoekstra, Aldegea-W 3½; 5 Y. Boelens Menaam 3; 6 D. van der Meer Terherne 3; 7 L. Westra Lollum 3; 8 Bauke Dijkstra De Tynje 2½.
Pers. Kampioenskippen ronde 4 en 5
Kampioensklas. Cor Kooistra - Jelle Wiersma 0 – 1; Hein de Vries - Folkert Groenveld ½ - ½; Stoffel Bouma - Marten Walinga ½ - ½; Tjerk Wijbinga - Taeke Kooistra 0 – 1; Wiersma - De Vries 0 -1; Groenveld - C. Kooistra 0 – 1; Walinga - Wijbinga 1 – 0; T. Kooistra - Bouma 1 – 0. Stand. 1 T. Kooistra 4½. 2 Groenveld, Walinga en Wiersma 3½. 5 C. Kooistra 2. 6 Bouma 1½ 7 Wijbinga 1. 8 De Vries ½.
Hoofdklas AA. Germ Terpstra - Jouke Algra 1 – 0; Fedde Wiersma - Gerrit Schilstra 1 – 0; Augustinus van der Goot - Sjoerd Jan Bakker 0 – 1. Algra - Wiersma 0 – 1; Schilstra - Terpstra 1 – 0; Couperus - Van der Goot 0 – 1. Stand. 1 Van der Goot 4. 2 Wiersma en Bakker 2½. 4 Couperus en Terpstra 2. 6 Algra en Schilstra 1.
Reserve AA. Willem Hoekstra - Willem Schaap ½ - ½; Ype Boelens - Kees Tijssen 1 – 0; Liuwe Westra - Bauke Dijkstra 1 – 0; Klaas Wiersma - Dicky van der Meer 1 – 0. Schaap - Boelens 0 – 1; Tijssen - Hoekstra 1 – 0; Dijkstra - Wiersma 0 – 1; Van der Meer -Westra 1 0. Stand. 1 Schaap, Tijssen, Westra, Wiersma en Boelens 3 punten. 6 Van der Meer 2½ 7 Hoekstra 1½ 8 Dijkstra 1.
Pers. Kampioenskippen ronde 3
Kampioensklasse J. Wiersma – T. Kooistra 0,5 – 0,5; F. Groenveld – M. Walinga 1 – 0; S. Bouma – H. de Vries 1 - 0; T. Wijbinga – C. Kooistra 0 – 1.Stân. 1 Groenveld 3p 2 T. Kooistra 2,5; 3 M. Walinga 2.
Hoodfklasse AA. J. Algra – S. J. Bakker 1 - 0; G. Schilstra – S. Couperus 0 - 1; A. v/d Goot – G. Terpstra 1 - 0. Stân. 1 Van der Goot 3; 2 Bakker 1,5.
Reserve hoofdkl. AA. W. Schaap– D. v/d Meer 0,5 – 0,5; K. Tijssen – B. Dijkstra 1 - 0; L. Westra – Y. Boelens 1 – 0;; K. Wiersma – W. Hoekstra1 – 0. Stân. 1 Schaap 2,5; 2 Tijssen en Westra 2.
Persoanlike kampioenskippen, ronde 1 en 2
Yn de kampioensklasse geane trije man mei de folle winst oan de lieding: Folkert Groenveld, Marten Walinga en Taeke Kooistra. Yn de twadde acht giet âld kampioen Augustinus van der Goot mei twa kear winst oan kop. Fuort efter him sit Sjoerd Jan Bakker mei oardel punt. Willem Schaap stiet der nei twa partijen florissant foar. Hy wûn twa kear yn de leechste acht. Hy wurdt folge troch seis man mei ien punt. Rein Jan Walinga is kampioen wurden yn de haadklasse A en promovearret dêrtroch takom jier nei de tredde acht. Harry Postma en Bauke Boelens moatte noch om it twadde plak spylje.
Kampioensklasse. Stoffel Bouma Easterein – Jelle Wiersma Wommels 0 – 1; Tjerk Wijbinga Arum – Folkert Groenveld de Jutryp 0 – 1; Cor Kooistra Nijlân – Marten Walinga Waaksens 0 – 1; Hein de Vries Drachten – Taeke Kooistra Hartwert 0 – 1. 2e ronde. J. Wiersma – T. Wijbinga 0 – 1; F. Groenveld – S. Bouma 1 – 0; M. Walinga – H. de Vries 1 – 0; T. Kooistra – C. Kooistra 1 – 0.
Stand: 1 F. Groenveld, M. Walinga en T. Kooistra 2 punten. 4 J. Wiersma en T. Wijbinga 1 punt en 6 S. Bouma, C. Kooistra en H. de Vries 0 punten.
Reserve klasse. Augustinus van der Goot Balk – Gerrit Schilstra Boalsert 1 – 0; Germ Terpstra Easterein – Sjoerd Couperus Snits 1 – 0; Fedde Wiersma Easterein – Sjoerd Jan Bakker Snits ½ - ½. 2e ronde. Jouke Algra Itens – A. van der Goot 0 – 1; S. Couperus – F. Wiersma 1 – 0; S. J. Bakker – G. Terpstra 1 – 0.
Stand: 1 A. van der Goot 2p; S. J. Bakker 1½.
Tredde acht. Liuwe Westra Lollum – Willem Schaap Dearsum 0 – 1; Klaas Wiersma Nij Beets – Kees Tijssen Reduzum 0 – 1; Willem Hoekstra Aldegea-W – Bauke Dijkstra De Tynje 0 – 1;Ype Boelens Menaam – Dicky van der Meer Terherne 0 – 1. 2e ronde. W. Schaap – K. Wiersma 1 – 0; K. Tijssen – L. Westra 0 – 1; B. Dijkstra – Y. Boelens 0 – 1; D. van der Meer – W. Hoekstra 0 – 1.
Stand: 1 W. Schaap 2 p. *********************************************Jeugddamjen Skearnegoutum 22 desimber 2008
Sneon 20 desimber wie de foarronde foar it Jeugd- en Pupillekampioenskip yn Elim, Skearnegoutum. Sawol by de jeugd as by de pupillen wienen 9 dielnimmers. Fan de Rûge Wolf dienen Harmen en Elizabeth Westra en Rindert Walinga mei by de pupillen.
De finale giet tusken de bêste fjouwer spilers fan de foarrondes en wurdt spile op 21 maart 2009 yn Lollum. De finalisten by de pupillen binne: Harmen Westra (100% skoare ), Rindert Walinga (ek 100% skoare hjoed), Elizabeth Westra en Fokke Walinga fan Damklup Nocht & Kriich fan Aldegea (W).
Der wurdt dus in Walinga as in Westra kampioen by de pupillen, mear smaken binne der net.
Fokke Walinga fan damklup Nocht en Kriich (Aldegea-W) hat him pleatst foar de finale
2e foto: Regearend pupillekampioen Harmen Westra hat der ek dit jier wer sin oan
3e foto: Elizabeth Westra fan damklup De Rûge Wolf besleat ien dei yn't foar dat se ek wol meidwaan woe en pleatste har ek foar de finale
Oankommend jeugdlid fan de Rûge Wolf Siward Walinga, krekt 3 jier wurden, woe ek alfêst efkes fan de sfear op in wedstriid priuwe en struts ek in potsje tsjin broer Rindert en sus Annemarije.
*************************************************** Wedstriidferslach de Rûge Wolf yn Winsum 13 des. 2008Yn it Fierljepkafee "de Trijesprong" yn Winsum waard sûnt jierren wer ris frysk damt. Damklub "De Rûge Wolf"fan Lollum-Waaksens holde harren jierlikse damwedstryd yn Winsum want it doarpshûs wie beset mei in krystmerke. Der kamen 22 dammers fan rûnom út de provinsje op ôf dy’t 6 omlopen spylje moasten. Yn de earste omloop gie it der fuort omraak hinne, ferskate eareklassers hiene de plúzen noch net goed út de eachen, sa kaam alround tinksporter Jouke Algra fan Itens net ta winst tsjin it opkommend talint Piter Hogeterp fan’e Gaastmar, moast Marten Walinga fan Waaksens syn gelikense fine yn klubgenoat Sjouke Schilstra en feraste âld Winsumer Arjen Bruinsma routenier Sjoerd Couperus.
Ek yn de folgjende omloop wiens Couperus en Algra net op harren iepenst en moasten wer belies jaan. Tjerk Wijbenga, Piter Hogeterp, Augustines van der Goot bliuwden oan de winnende hân. Yn de ûnderste klassen wie it foaral de pupillenkampioen Harmen Westra út Lollum dy’t yndruk makke en sels haadklasser Bouke Dijkstra op’e rêch lei.
Nei 5 omlopen gie âld kampioen Augustinus van de Goot mei 1 punt foar oan de lieding mar moast yn tsjin Walinga nei in misserke it spul opjaan. Tjerk Wijbenga wûn oerstjoegend fan Piter Hogeterp en dermei moasten Wijbenga en van der Goot yn in rjochtstreek duel útmeitsje wa’t kampioen wurde soe fan dit toernoai.
Yn de haadklasse wiene der mar leafst fjouwer dammers likeheech einige. Mei in fluchdamtoernoaike fan trije spullen wie it Dooitzen Ykema dy’t earste waard. Yn de earste klasse, de klasse wer as ek de roulerende wikselpriis "It Rûge Boerd" yn útkaam, wie Piet Sikma te sterk foar de rest. Yn de tredde klasse hold de 11 jierrige Harmen Westra sich goede steande en waard fertsjinne earste.
Dan noch it duel tusken van de Goot en Wijbenga, dit gie al ergens om en net alinne de deipriis mar ek om in plak yn it grutmastertoernoai oan it ein fan it seisoen. Nei in theretysk wat ôfwykend spul moast Wijbenga in skiif offerje en koe oantemei it einspul net weromkrije. Sa waard de 12- fâldich âld-kampioen Frysk Damjen Augustinus van der Goot terjochte earste en is hy ek de earste dy’t him foar it grutmaster toernoai pleatst hat.
Dat wurdt yn de rin fan it damjier oanfuld mei de nûmers ien en twa fan it Frysk kampioenskip en de winner fan it Iepen Frysk kampioenskip fluchdamjen.
Hjir de einútslach:
1.Augustinus v.d. Goot, kampioen en pleatst him foar it grutmastertoernoai
Útslach damwedstryd yn Winsum, 13 Desimber 2008
1. Augustinus van der Goot 5+1 Ereklas 1e 2. Tjerk Wijbenga 5+0 Ereklas 2e 3. Marten Walinga 4.5 Ereklas 3e 4. Pieter Hogeterp 4+1.5 Haadklasse 2e 5. Liuwe Westra 4+1+1 Haadklasse 3e 6. Jouke Algra 4 Ereklas 4e 7. Bouke Dijkstra 4+1+0 Haadklasse 4e 8. Douitzen Ykema 4+2.5 Haadklasse 1e 9. Sjouke Schilstra 3 Haadklasse 5e 10. Sjouke de Boer 3 Haadklasse 6e 11. Dikky van der Meer 3 Ereklasse 5e 12. Piet Sikma 3 1e klasse 1e 13. Sjoerd Couperus 3 Ereklasse 6e 14. Klaas Oosterhof 2.5 Haadklasse 7e 15. Harmen Westra 2.5 3e klasse 1e 16. Rients Winia 2.5 1e klasse 2e 17. Arjen Bruinsma 2 1e klasse 3e 18. Jan de Jong ` 2 1e klasse 4e 19. Jan Nauta 2 3e klasse 2e 20. Sietse Sieswerda 1 3e klasse 3e 21. Herman Bakker 1 3e klasse 4e 22. Douwe Namminga 1 3e klasse 5e
Piet Sikma hat it Rûge Boerd wûn.
Augustinus van der Goot pleatst him alfêst foar it grutmastertoernoai.
Tsjerk Wybenga stiet 1e reserve foar it grutmastertoernoai.
Foar it grutmastertoernoai jildt it folgjende: De kampioen en nûmer twa fan Fryslân pleatse sich en de fluchdamkampioen. De nûmer 1 fan dit Toernoai pleatst sich en as der guon binne mei in dûbelde pleatsing dan wurdt der oanfuld mei de folgjende spiler út dit toernoai. As der spilers ut dit toernoai pleatst wurde mei likefolle punten dan moat in ûnderling spyljen de sterkste spiler nei foaren bringe.
Stel dat Augustines it fluchdamjen wint en Marten en Tsjerk wurde 1 en 2 mei it kampioenskip dan komt de nûmer 4 fan dit toernoai yn oanmerking foar pleatsing, yn dit gefal binne dat: Pieter, Liuwe, Jouke, Bouke en Douitzen, dizze 5 spilers meie dan nochris earst útmeitsje wa fan harren sich pleatst.
*************************************************** Utslaggen mini-klubkampioenskip Jorwert 28 nov. 2008
Einstannen (tusken heakjes stiet it tal buordpunten)
Klasse A:
Hartwert I 4,5 (16) Skearnegoutum I 3,5 (13.5) Wurdum I 2,5 (10,5) Jorwert 1,5 (6,5)
Klasse B:
Aldegea 3 (11) Lollum 2 (7) Hartwert II 1,5 (8) Skearnegoutum II 1,5 (5) Wurdum II 0 (1,5)
earste omgong
Jorwert – Hartwert I 0-1 (1-3) Wurdum I – Skearnegoutum I 0-1 (0,5-3,5) Hartwert II – Skearnegoutum II 0,5-0,5 (2-2) Aldegea – Wurdum II 1-0 (4-0) Lollum frij twadde omgong
Wurdum II – Jorwert: 0-1 (0,5-3,5) Lollum – Hartwert I 0-1 (0-4) Skearnegoutum II – Wurdum I 0-1 (1-3) Aldegea – Skearnegoutum I 0,5-0,5 (2-2) Hartwert II frij
tredde omgong Wurdum I – 1 Jorwert 1-0 (4-0) Skearnegoutum I – Hartwert I 0-1 (1-3) Lollum – Aldegea 0,5-0,5 (2-2) Wurdum II – Hartwert II 0-1 (0-4) Skearnegoutum II frij fjirde omgong Jorwert – Lollum 0,5-0,5 (2-2) Hartwert I – Skearnegoutum II 1-0 (4-0) Wurdum I – Aldegea 0-1 (1-3) Skearnegoutum I – Hartwert II 1-0 (3-1) Wurdum II frij fyfde omgong Jorwert – Skearnegoutum I 0-1 (0-4) Hartwert I – Wurdum I 0,5-0,5 (2-2) Skearnegoutum II – Wurdum II 1-0 (3-1) Hartwert II – Lollum 0-1 (1-3) Aldegea frij
***************************************************
Utslaggen iepen kamp. Littenseradiel 11 en 18 nov. 2008
A-Klasse 1 Marten Walinga Waaksens 2 Germ Terpstra Easterein 3 Willem Dijkstra Jorwert 4 Siebe Walinga Baard B-Klasse 1 Jan Nauta Bitgummole 2 Klaas Oosterhof Winsum 3 Sybren Dijk Jorwert 4 Rients Winia Boalsert C-Klasse 1 Douwe Namminga Winsum 2 Martin Visser Jorwert 3 Hessel Dijkstra Jorwert. Jeugd. 1 Sander Kuperus Jorwert 2 Hindrik Meinsma Jorwert.
***************************************************
Utslaggen wedstriid Sânfurd 31-10-2008
Ereklas.; 1(1).Marten Walinga, Waaksens; 2(2)Taeke Kooistra (Hartwert); 3(3).Jelle Wiersma(Wommels); 4(4)Folkert Groenveld (De Jutryp); 5(5).Germ Terpstra, Easterein; 6(6).Tjerk Wybenga (Arum); HA 1(7) Willem Hoekstra, Aldegea-W; 2(8) Pieter Hoogterp (De Gaastmar); 3(9).Rein Jan Walinga (Aldegea-W); 4(12) Jan Bouma, Hartwert; 5(15) Bauke Dijkstra Tynje; 6(16) Dicky v.d. Meer, Terherne; 7(17) Marcel Altena, Blauhús; 1-e klas 1(11) Jan Willem Wybenga, Blauhús; 2(14) Beke Haanstra, Aldegea-W; 3(18) Leo Altena (Blauhús); 4(21).Johannes Hoekstra (Aldegea-W.); 5(23) Folkert Attema, Drylts; 6(25) Piet Sikma, Hartwert; 2-e klas 1(10).Sjouke Attema (De Gaastmar); 2(13) Jappie de Jong, Blauhús; 3(19).Pieter Walinga (Aldegea-W); 4(20).Jan Nauta (Bitgummole); 5(27) Alie Cnossen, De Gaastmar; 6(29) Sietse Sieswerda, Boalsert; 7(32) Michiel Zeinstra, Blauhús; 3-e klas 1(22). Herman Bakker, Frjentsjer; 2(26)Klaas Ykema (Aldegea-W); 3(28) Jolke Groenveld, Sânfurd; 4(33) Klaas Weerstra, Sânurd; 5(35) John Weel, Blauhús; 6(36)Meindert Ykema (Sânfurd); net-leden 1(24) Hylke Wildschut, De Gaastmar; 2(30)Anne Hoekstra (Aldegea-W); 3(31) Aede Piet Hoekstra, Aldegea-W.; 4(34) Ygram Ykema, Sânfurd; 5(37) Suardus Douwsma, Aldegea-W.
|
|