Alles oer it Frysk damjen en damklub De Rûge Wolf |
|
|
Dam-rating
Sûnt koart krije dammers in rating. In puntensysteem dat oanjout hoe sterk in spiler is. Dat wie it kadoo fan damklub De Rûge Wolf oan it jubilearende dambûn begjin dit jier. Jouke Algra en Marten Walinga ha harren kontakten yn de skaak -en damwrâld brûkt om in systeem op te setten.
It systeem sa´t it no wurket, is op basis fan it rekkenkundich systeem fan professor Elo, mei it computerprogramma Elo-rater. Mear dêroer is hjir te lêzen.
Foarearst steane allinnich de spilers fan De Rûge Wolf hjirop. De bedoeling is om safolle mooglik Frysk dammers in rating te jaan. At der in stjerke by de rating stiet, dan is dy noch net betrouber, dêr binne minimaal 20 útslaggen foar nedich.
|
|