Alles oer it Frysk damjen en damklub De Rûge Wolf |
|
|
Online damjen
TJALIBABA
Foar wa´t ris in potsje Frysk damje wol, mar gjin tsjinstanner by de hân hat, is der no de mooglikheid om op ynternet te damjen. Programmeur Danny Staal hat it damprogramma Tjalibaba makke, it stiet op de site fan jeugddamklub Het Noorden út Grins. It is noch in proeffersy, mar it wurket al goed. Elke kear at je winne giet it nivo in stapke omheech. It is te finen fia dizze link: http://jeugd.hetnoorden.org/onlinedammen/fries.html
LUDOTEKA
Op de site www.ludoteka.com kinne je Frysk damje tsjin oare minsken. Je kinne je fergees oanmelde en dêrnei kinne je kieze út in grut ferskaat oan spultsjes en tinksporten, wêrûnder it Frysk damjen (Frisian draughts). Je meie in oere per dei fergees spylje. At je mear wolle, dan kinne je lid wurde foar sa´n 20 Euro yn it jier. Fan de Rûge Wolf binne Marten, Jouke en Herman geregeld op Ludoteka te finen.
Sa sjocht it der út at je op Ludoteka damje (klik op it plaatsje foar in fergrutting).
|
|