Alles oer it Frysk damjen en damklub De Rûge Wolf

 

Nijs De Rūge Wolf Kompetysje Rating Online damje Foto“s Wedstriidlist Utslaggen GM-toernooi klubkampioenskip Diagrammen Partijen Damkursus Kontakt

 

In wrâldspul komt werom nei syn berteplak 


 

Lollumer damklub ûntdekt dat hjoeddeiske topsport yn Frjentsjer útfûn is 
 
 

hystoaryske ûntdekking 

Elk ken it damjen. Hast alle bern leare it as spultsje. Foar guon wurdt in hobby - faken libbenslang. Dy't talint hat en trochsette kin, kin sels kieze foar it beoefenjen fan it damjen as profsport. It damjen hat mooglikheden sûnder ein, en hast alle dagen ferskine nije stúdzjes, analyzes, toernoaiferslaggen, folle net genôch. It heart, mei it skaken en it go-spul, by de trije grutte ynternasjonale tinksporten. 

Mar wêr komt it damjen eins wei? It prinsipe fan in spul mei wite en swarte stientsjes, dy't skowe kinne en slaan, wurdt hast oeral op 'e wrâld fûn. Sa'n 500 jier lyn spilen de lju yn hiel Europa sa'nsoartich spul op in skaakboerd: 64 fjilden. Noch altiten wurdt dat spul, yn frijwat farianten, yn ûnderskate lannen beoefene. It hat lykwols noait de potinsje hân om ta ynternasjonale sport út te groeien. 

Dy potisnje krige it damspul pas, doe't it 100-fjildeboerd betocht waard. Mar wêr en wannear wie dat? Oant koartlyn wie dat in riedsel; wilens is it oplost troch leden fan damklub De Rûge Wolf te Lollum, benammen troch it sneupwurk fan foarsitter Marten Walinga fan Waaksens. It wie al langer bekend, dat de âldste 100-fjildebuorden yn Nederlân te finen binne. Yn 'e jierren '70 fan 'e tweintichste ieu wie dêr in protte fraach nei as sammelobjekt. Sokke buorden datearje út 'e 19de, de 18de en soms sels de 17de ieu. Mar wêr komme se wei? 


 

Neifraach by sammelders en hannelders die útwizing, dat alle âlde buorden noait oars as út Fryslân wei komme. Sterker noch, der is in dúdlik sintrum oan te wizen: Frjentsjer. Alle âlde buorden komme út dy stêd of it plattelân dêromhinne. Fraach: wêr waard dus tusken 1600 en 1650 op 100 fjilden damd? Antwurd: yn en om Frjentsjer, en oars nearne. Fan 'e 17de ieu ôf yat it 100-fjildeboerd him nei it suden ta útwreide, en om 1710 hinne witte wy, dat ek yn Frankryk op 100 fjilden spile waard. Dêrwei hat it 100-fjildeboerd de rest fan 'e wrâld ferovere. 

Mar wy witte noch mear. Yn Fryslân is earder as de 20ste ieu noait neffens de no jildende ynternasjonale regels spile, mar altiten op 'e Fryske menier, dêr't net skean, mar ek rjocht by slein wurdt. Dat spul is dreger en nuodliker as it ynternasjonale spul, en der binne dan ek noch altiten in pear hûndert minsken dy't it beoefenje. Elke 'ynternasjonale' dammer wit fan it bestean fan it Fryske spul, en hat it ek wolris pebearre. Op ynternet witte dammers út 'e hiele wrâld de sites te finen dêr't men - anonym - in partij spylje kin. 

Dochs is it ynternasjonale spul, dêr't inkeld skean by slein wurdt, de dominante fariant wurden. Wat is der dus bard? Om 1600 hinne moat yn of om Frjentsjer in nije sport betocht wêze: damje op 100 fjilden, dêr't skean en rjocht by slein waard. Dy nije sport ferovere yn koarte tiid hiel Fryslân, en begûn ek oan in opmars nei it suden: fia de rest fan Nederlân en wat no België is nei Frankryk. Earne tusken Frankryk en Parys binne de lju op it idee kommen om it nije boerd al oer te nimmen,  mar de nije regels net. Fan dat stuit ôf ûntsteane der twa bewegings. Foarst: it nije boerd feroveret, mei de âlde regels (allinnich skean slaan) de rest fan 'e wrâld. Dêr hawwe wy de notiidske ynternasjonale sport oan te tankjen. Twad: it spyljen mei de âlde regels (allinnich skean slaan) op it nije boerd (100 fjilden) is oan in opmars nei it noarden begûn, oant inkeld yn Fryslân noch neffens de oarspronklike regels damd waard. Dy sitewaasje is noch altiten aktúeel. 

 


 

werom nei Frjentsjer 


 

Om passend omtinken te freegjen foar dizze ûntdekking, organisearret damklub De Rûge Wolf op 25 en 27 juny yn it âlde stedhûs fan Frjentsjer (Riedhúsplein) in grutmastertoernoai. 

Dat grutmastertoernoai is it earste yn syn soarte. Dêrmei komt it oarspronklike 100-fjildespul wer werom by syn roots, en wurdt tagelyk sjen litten, dat dizze sport like profesjoneel beoefene wurde kin as it ynternasjonale spul. Wat is der te dwaan? 

De fjouwer kwalifisearre spilers spylje in toernoai mei yn totaal € 750 oan prizejild. De winner bart  € 400, de oare prizen binne ôfrinnend € 200, € 100 en € 50. It toernoai is folslein fersoarge, en sil spile wurde yn 'e eardere siktariskeamer fan it histoaryske Frjentsjerter stedhûs. De spyldagen binne tongersdei 25 juny (jûns: ien partij) en sneon 27 juny (oerdeis: twa partijen). De fjouwer grutmasters binne: Teake Kooistra te Hartwert(Frysk kampioen 2009), Tsjerk Wijbenga (pleatsing fia persoanlike kampioenskippen 2009), Marten Walinga (sneldamkampioen 2009) en Augustinus van der Goot (pleatsing fia pleatsingstoernoai Winsum 2008). 

De dielnimmers spylje fia it saneamde Fischer-systeem, dat de kâns sa lyts mooglik makket dat in partij troch tiidneed út rekket. De doer fan elke partij wurdt rûsd op sa'n 4 oeren. 

De partijen binne te folgjen foar publyk, en wurde profesjoneel analysearre en bekommentariearre. Dêrfoar is útsoarte in aparte romte, de eardere boargemasterskeamer, dat der kin ek oer de partij praat wurde sûnder dat de spilers der hinder fan hawwe, en der is romte foar fragen en útlis. Hjirby sille ek de nijste mooglikheden fan it damjen op 'e kompjûter demonstrearre wurde. 


 

Sneon 27 juny binne der twa ekstra aktiviteiten. Sneontemoarn wurdt der foar alle basisskoallebern yn en om Frjentsjer in oanskosimultaan holden troch de winners fan it earste en it twadde plak yn it pupillekampioenskip 2008-2009: Harmen Jarich Westra út Lollum (12 jier) en Rindert Walinga út Waaksens (11 jier). De simultaan fynt plak yn 'e hal fan it stedhûs. Alle dielnimmers krije fergees diel 1 fan 'e nije kursus Frysk damjen. 

Sneontemiddei is der foar alle belangstellenden in ynformeel einspultoernoai: der wurdt mar damd mei de fiif houtsjes op 'e daamline, dat jo sitte suver fuortendaliks yn 'e lêste faze fan it spul. Dit toernoai fynt plak yn 'e eardere riedseal. 


 

yn skema 

tongersdei 25 juny 2009 

19.00 iepening troch boargemaster fr. M.J. Haveman fan Frjentsjerteradiel (ûnder foarbehâld)

19.15 start earste omloop grutmastertoernoai

      analyze troch Jelle Wiersma

      demonstraasje damjen op in touchscreen en online damjen 
 

sneon 27 juny 2009 

9.30 iepening fan 'e twadde dei fan it grutmastertoernoai

9.45 start twadde omloop grutmastertoernoai

      analyze troch Hein de Vries

      demonstraasje damjen op in touchscreen en online damjen

10.00 - 12.00 jeugdsimultaan troch Harmen Jarich Westra en Rindert Walinga 

13.30 - 14.00 skoft 

14.00 start tredde omloop grutmastertoernoai

      analyze troch Hein de Vries

      demonstraasje damjen op in touchscreen en online damjen

14.15 - 16.00 einspultoernoai 

18.00 ein tredde omloop grutmastertoernoai

18.15 priisútrikking

18.30 noflike neisit 

 

 

 

ludoteka

 

 

 

abl

 

 

 

narwal

 

 

 

www.cnal.nl
Utsjoen op houtsjes ?
Prebearje it ris mei keunstkij !